Wat bisto leaflik, rizende simmermoarn!
’t Opgeande sintsje laket my oan.
’t Hoantsje kraait kûkelû, ’t douke ropt rûkûkû,
Ik wol ek sjonge fleurich fan toan.
Alles wat libbet docht der nou sines bij,
Fôltsjes en kealtsjes, hynders en kij.
Guoskes dy’t snetterje, skiepkes dy’t bletterje,
Lamkes dy’t springe, nuvere blij.
’t Ljurkje yn’e wolken, d’eintsjes yn’t lizich wiet,
Moskjes en sweltsjes, elts sjongt syn liet.
Earbarren klapperje, ljipkes wjukwapperje,
Skries op’e hikke ropt grito-griet.
‘K woe foar gjin gûne dat ‘k jit te sliepe lei,
’t Is my sa noflik ier op ‘e dei.
Protters dy’t tsjotterje, eksters dy’t skatterje;
Alles is fleurich, ik bin it mei!
Protters dy’t tsjotterje, eksters dy’t skatterje;
Alles is fleurich, ik bin it mei!
Wat ben je lieflijk, opkomende zomermorgen,
De opkomende zon lacht me tegemoet.
t’Haantje kraait: “kukelu, ’t duifje roept”: “roekoekoe”,
Ik wil ook zingen, fleurig van toon.
Alles wat leeft draagt er zijn steentje aan bij,
Veulentjes en kalfjes, paarden en koeien.
Gansjes die snateren, schaapjes die blaten,
Lammetjes springen blij.
’t Vogeltje in de wolken, de eendjes in het mistig wit,
Musjes en zwaluwen, elk zingt zijn lied.
De ooievaars klepperen, de kieviten klapperen,
De grutto op het hek roept: ‘’grutto- griet’’.
‘k Zou voor geen goud willen dat ik hier lag te slapen,
Ik voel me hier zo heerlijk op mijn gemak.
Spreeuwen die tateren, de eksters die schateren,
Alles is vrolijk, en ik ben dat ook!
Spreeuwen die tateren, de eksters die schateren,
Alles is vrolijk, en ik ben dat ook!

Een lied van Waling Dijkstra dat vele Friezen hebben leren zingen op de basisschool.
Dijkstra die zich vooral liet inspireren door Friese volksverhalen en gedichten.